In bedrige soarte is in soarte bist, plant of skimmel wêrfan't it foarkommen sa seldsum is dat de kâns op útstjerren yn 'e neie takomst as oansjenlik beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natoer (IUCN), de meast foaroansteande autoriteit op dit mêd, hantearret trije oanboazjende gradaasjes fan bedriigdheid, te witten: "kwetsber", "bedrige" en "krityk bedrige". De folsleine yndieling is sa:
Oare ynternasjonale organisaasjes en oerheidsynstellings yn ûnderskate lannen en territoaria hantearje faak in yndieling dy't krekt justjes oars is. Oer it algemien kin lykwols steld wurde dat in soarte bedrige is as er opnommen is op in reade list.
Behalven soarten kinne ek ûndersoarten en populaasjes oantsjut wurde as "bedrige". Sa is bgl. de rottekop yn Nederlân in bedrige bistesoarte, hoewol't er yn Skandinaavje en Sibearje noch folop foarkomt. Ek fan rassen domestisearre bisten kin sein wurde dat se yn it fuortbestean bedrige wurde as se sa'n bytsje mear holden wurde dat se amper noch foarkomme.